18e Alvestêdetocht op trekker

08 jun 2012 - 20:54

281 trekkers yn alle soarten en maten dogge freed en sneon mei oan de trekkeralvestêdetocht. Se komme út hiel Nederlân, mar ek út Frankryk, Skotlân en sels út Súd-Afrika. It giet om museumstikjes fan soms wol tachtich jier âld. De start en finish binne beide dagen yn Ingelum.

Freed hawwe de trekkers de Súdwesthoeke dien en sneon is Noard Fryslân oan bar. Tiid om oan te stekken yn de stêden is der net, oars binne se net op tiid binnen. Der moat yn twa dagen hast 300 km riden wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)