Wjerstân tsjin plannen pier en waadswimbad by Wierum

Foar- en tsjinstanners fan in waadswimbad en in pier yn de Waadsee by Wierum komme der net út. Wurkgroep De Kromme Horne is al in pear jier dwaande mei de plannen, mar tsjinstanners binne benaud foar drokte yn it doarp en tinke dat it ûnderhâld net takomstbestindich is.
Wat dwaan tsjin 'e krimp
De wurkgroep mei foarstanners fynt dat de tsjinstanners net goed ynformearre binne en dat de soargen net terjochte binne, omdat de plannen no oars binne. It plan is in pier fan 550 meter dy't de Waadsee yn giet. Yn de pier moatte spielgatten komme en oan 'e ein in paviljoen en in waadswimbad. "Ambysjeus, mar wy binne al in hiel ein", seit foarstanner Jan Prins. "Wy sitte hjir yn 'e krimp. Dêr wolle wy wat oan dwaan, dan kin dit ien fan de dingen wêze."
"Prate jout neat"
Fisker Monte Visser wol hielendal net dat it drokker wurdt yn it doarp. "De grutte krêft fan Wierum is de rêst en de rûmte. Lit it doarpke mar moai sliepe." En al kin it plan neffens Prins nog wizige wurde, Visser tinkt net dat de partijen derút komme. "Sy sille by harren plannen bliuwe en wy bliuwe by ús stânpunt. Prate jout neat, bin ik bang."