Hurdrider op de Wâldwei

08 jun 2012 - 20:47

In 48-jierrige ynwenner fan Drachten is freedtemoarn syn rydbewiis kwytrekke. De bestjoerder passearre op de Wâldwei in ûnopfallende plysjeauto mei sa'n 180 kilometer yn 'e oere. Dêr mei offisjeel hûndert kilometer yn 'e oere riden wurde.

Aginten hiene muoite om de Drachtster by te hâlden. Troch it drokke ferkear koe de plysje de man úteinlik byhelje en him in stopteken jaan.

(advertinsje)
(advertinsje)