Mear lintsjes útrikt yn 2017

12 jan 2018 - 15:24

Der binne ferline jier mear minsken keninklik ûnderskieden as yn de jierren dêrfoar. Yn 2017 waarden 161 lintsjes útrikt en dat binne 30 mear as in jier earder. Benammen it tal manlju dat in lintsje krige, groeide: fan 84 nei 116. De measte ûnderskiedingen waarden útdield by de jierlikse lintsjerein foarôfgeand oan Keningsdei. Dat oantal wie sawat gelyk oan in jier earder. De groei sit him foaral yn it tal lintsjes dat op oare mominten útrikt wurdt, bygelyks by it ôfskied fan riedsleden.

De heechste ûnderskieding dy't yn Fryslân takend waard, wie offisier yn 'e Oarder fan Oranje-Nassau. Dat wie oan boargemaster Hayo Apotheker, operasjongeres Annett Andriesen en grimeur Arjen van der Grijn. It Amelân wie de iennichste gemeente dêr't ferline jier net ien keninklike ûnderskieding útrikt is.

(advertinsje)
(advertinsje)