Wurkstraf foar stalker út Akkrum

12 jan 2018 - 15:18

In man út Akkrum hat in wurkstraf fan fyftich oeren krigen, omdat er syn eks-freondinne stalke, bedrige en mishannele. De man hie ûnder oare in track & tracesysteem ûnder de auto fan de frou montearre om har te folgjen. Hy hat bekend, mar seit dat er syn eks-freondinne net mishannele hat. Hy soe ta syn dieden kaam wêze, omdat er it net loslitte koe.

Neffens de rjochter wie der genôch bewiis dat de man syn freondinne mishannele hie. Njonken de wurkstraf krige de fertochte ek noch twa moanne sel ûnder betingst mei in proeftiid fan in jier. De man moat him ek behannelje litte fan de rjochter.
 

Trefwurden: 
justysje
(advertinsje)
(advertinsje)