Teäterfoarstelling Holstmeer mei detinearren útferkocht

12 jan 2018 - 15:15

De foarstelling Holstmeer is útferkocht. Oan it stik dogge detinearren fan de Marwei mei en famkes dy't yn de opfang fan Fier Fryslân sitte. Se binne slachtoffer fan húslik geweld, minskehannel of loverboys.

Holstmeer giet yn febrewaris yn premjêre. It publyk wurdt dan mei bussen út De Neushoorn yn Ljouwert ophelle en dêrnei nei de Marwei brocht foar in part fan it stik en nei Fier Fryslân. It lêste diel fan it trijelûk fynt plak yn it plysjeburo dêr't akteurs fan De Jonge Republiek in stik spylje. It is noch wol mooglik om op in wachtlist te kommen foar in kaartsje.

Holstmeer is ien fan de Kulturele Haadstêd-aktiviteiten en it is de earste dy't útferkocht is. De organisaasje fan Kulturele Haadstêd wol gjin útspraak dwaan oer hoe't it giet mei de totale kaartferkeap fan alle eveneminten. "Dit laten we aan de projecten zelf over, wij zijn hierin slechts faciliterend", sa seit wurdfierder Radboud Droog. De kaartferkeap fan Kulturele Haadstêd giet fia twa punten. Kaarten kinne kocht wurde op www.friesland.nl fan marketingorganisaasje Merk Fryslân en Kulturele Haadstêd. Dêrneist wurde kaarten oanbean op www.2018.vanplan.nl fan NDC Mediagroep. Beide partijen hawwe de kaartferkeap aardich gelyk ferdield.

VanPlan docht ûnder mear de ferkeap fan de Stormruiter. Hjir binne op it stuit 40.000 fan de 70.000 kaarten fan ferkocht. Fierder biede se yn totaal 130.000 kaarten oan fan ferskate Kulturele Haadstêd-eveneminten. Hjir binne no sa'n 50.000 fan ferkocht. "Dit is noch net alles. Der komme noch hieltyd mear eveneminten mei kaarten by", fertelt Jelle Haaima fan VanPlan.

Trefwurden: 
Holstmeer
(advertinsje)
(advertinsje)