Wurkstraf foar Hitlergroet en pisjen tsjin monumint

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In 28-jierrige Ljouwerter hat in wurkstraf fan 80 oeren krigen. Ek moat er in earder opleine selstraf ûnder betingst fan twa wike no útsitte. De man pisse oktober ferline jier tsjin it Joadsk monumint yn Ljouwert. Doe't in tsjûge him dêrop oanspruts, sei er dat Joaden rasistysk binne. Ek liet er in tatoeaazje fan in heakkekrús op syn boarst sjen en brocht er de Hitlergroet. De offisier fan justysje neamde it gedrach tige misledigjend.
Neffens de reklassearring hat de Ljouwerter in minne jeugd hân, sûnder leafde. Meikoarten wurdt de man behannele foar syn harddrugs-ferslaving.