Freedsmerk oer gaswinning: "Jou se in skop ûnder de kont"

Der wiene in soad lilke reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk oer de gaswinning yn Grinslân. "Der kin fan alles, se sille ek fan alles, mar der bart úteinlik neat. Jou se in skop ûnder kont soe 'k sizze..." In oar spruts fan "Folksferlakkerij! Dy 1,4 miljard foar de oandielhâlders fan Shell, dat hie nei de dupearren yn Grinslân moatten!" "Mensen worden besodemieterd. Ik heb zelf bij Esso gewerkt en ken de constructies wel!", wie in oare reaksje.
Wylst de grienteman fertelde oer syn suster dy't dêr wennet en in ton skea hat. Se kin 1.300 euro fergoeding krije. "Skandalich!" De tassekeapman, dy't yn it gebiet wennet sprekt fan Grinslân as wingewest: "Goed voor de poen, maar verder niet te veel zeuren. Maar ze hebben een ereschuld, dit is een erfzonde!"
It plan foar in gasleaze-dei kommende moandei krige mingde reaksjes: "Myn frou kin net goed tsjin de kjeld..." Mar ek: "In goed idee, wy ha noch wol wat petroaljestellen, wat kearskes en in elektrysk kacheltsje. Suver gesellich!"