Plysje: Gjin spoaren fan drugs fûn yn bloed Remon Bruinsma

12 jan 2018 - 14:18

Der binne gjin spoaren fan drugs oantroffen yn it bloed fan de ferdronken Remon Bruinsma fan De Westereen. Dat lit de plysje witte. It is de foarlopige útslach fan it toksikologysk ûndersyk troch it NFI. Wol is der alkohol fûn yn it bloed. It giet hjir om in earste útslach. Der sil noch neier ûndersyk dien wurde. De útslach hjirfan wurdt takom wike ferwachte.

Bruinsma waard nijjiersdei nei in syktocht fan in moanne fûn yn it wetter fan de Prinsetún yn Ljouwert.


De plysje komt no mei dizze earste ûndersyksresultaten nei bûten ta om't de saak yn de ôfrûne wiken in protte minsken bot dwaande hâlden hat. En ek no bliuwt it publyk belutsen by de saak en wolle se graach ynformearre wurde oer de lêste stân fan saken. "Gezien de grote maatschappelijke betrokkenheid vinden wij openheid hierover op zijn plaats. Uiteraard is de informatie eerst met de familie gedeeld." Sa lit de plysje op twitter witte. 
 

Trefwurden: 
Remon Bruinsma
(advertinsje)
(advertinsje)