Goede start Fryske shorttrackers op EK

12 jan 2018 - 13:47

Titelkandidaten Sjinkie Knegt en Suzanne Schulting binne de earste dei fan it Europeesk kampioenskip shorttrack goed trochkaam. Knegt en Schulting gongen yn de foarrondes yn Dresden fan de 500, 1.000 en 1.500 meter troch. Itselde jildt foar outsider Itzhak de Laat. Daan Breeuwsma foel op de 1.500 troch syn eigen skuld, mar gong op de 500 en 1.000 meter wol troch.

By de froulju ride njonken Schulting gjin oare Friezen. Lara van Ruijven helle op alle ôfstannen de folgjende rondes. Nederlânsk kampioen Yara van Kerkhof krige op de 1.000 meter in penalty.

Ek de ôflossingsploegen binne troch nei de heale finales. Beide Nederlânske ploegen kamen as earste oer de finish. De froulju rieden mei Friezinnen Rianne de Vries en Suzanne Schulting en fierder Yara van Kerkhof en Jorien ter Mors. De manlju kamen mei trije Friezen yn aksje: Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma en Dennis Visser. De ploech waard kompletearre troch Dylan Hoogerwerf.

Sneon binne de finales fan de 1.500 en 500 meter en de heale finales fan de ôflossing. Snein binne de 1.000 en 3.000 meter en de finales fan de ôflossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)