Skippen Schuttevaer fêstrûn

08 jun 2012 - 20:31

Oan de ein fan de Schuttevaerrace binne noch twa skippen fêstrûn. Ien fan de dielnimmers soe nei Makkum en rûn dêr op in sânbank. De helpferlieningstsjinsten binne drok dwaande him dêrwei te slepen.

In oare dielnimmer kaam tusken Harns en Koarnwertersân fêst te lizzen. Dy koe al gau wer fan de bank helle wurde. De Schuttevaerrace waard freed earder stillein troch de hurde wyn. Neffens de organisaasje wie in grut part fan de dielnimmers bliid mei dat beslút.

(advertinsje)
(advertinsje)