Oerlêst troch hurde wyn

08 jun 2012 - 20:03

Rûnom yn de provinsje hat de hurde wyn foar oerlêst soarge. Sa waaide oan it Beethovenplantsoen yn Ljouwert in beam om. De beam kaam dwers oer de dyk te lizzen. De brânwacht moast it gefaarte yn stikken seagje foardat se it opromje koene. Der rekke net ien ferwûne.

Yn Jislum by Burdaard moasten trekkers in feesttinte fêsthâlde. Sûnder de trekkers wie der kâns dat de tinte de loft yn fleane soe.

Trefwurden: 
ûngelok stoarm skea hurde wyn
(advertinsje)
(advertinsje)