Ljouwerter (21) oanhâlden foar stellerij en mishanneling

12 jan 2018 - 11:31

De plysje hat tongersdeitenacht op it Ruterskertier yn Ljouwert in 21-jierrige man út dy stêd oanholden. Hy hie in tas stellen út in hoarekasaak. By syn oanhâlding die bliken dat de Ljouwerter ek ien mishannele hie. It slachtoffer wie al fuort.

De fertochte man sit fêst op it plysjeburo. Hy mei de hoarekasaken yn Ljouwert foarearst net mear yn.

(advertinsje)
(advertinsje)