CDA: "Iepeningsdatum fleanfjild Lelystêd net hillich"

12 jan 2018 - 11:14

De iepeningsdatum fan it fernijde fleanfjild yn Lelystêd, dy't pland is foar april takom jier, is ek foar it CDA yn Fryslân net mear hillich. Dat seit Wendy Zuidema fan de CDA-steatefraksje. It ferset tsjin de iepening fan Lelystêd nimt ta. Neffens Zuidema is it fan belang dat de oerlêst fan de fleantugen yn in nij miljeu-rapport fêstlein wurdt. Mocht dat ûndersyk net op tiid klear wêze, dan soe de iepening fan it nije fleanfjild útsteld wurde moatte, sa fynt it Fryske CDA.

(advertinsje)
(advertinsje)