Maarten van der Weijden docht mei oan FK iisswimmen

12 jan 2018 - 11:03

Lange-ôfstânsswimmer Maarten van der Weijden docht no snein mei oan it Frysk kampioenskip iisswimmen. Dat wurdt holden yn it bûtenswimbad yn Stiens. De wedstriden begjinne om trije oere middeis. Foar de manlju en froulju dy't meidogge is der ûnder oare de 100 meter frije slach en de 500 meter frije slach.

Maarten van der Weijden hat earder sein dat er dizze simmer de Alvestêdetocht yn trije dagen non-stop swimme wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)