Sylskip yn de problemen

KNRM
In sylskip is freedtemiddei yn de problemen rekke oan de westkant fan Skylge. It jacht, mei trije opfarrenden, wie ûnderweis fan Harns nei Denemarken. Op de hichte fan Flylân helle de wyn oan wêrnei't de skipper nei de jachthaven fan it eilân gie.
Doe't dat mislearre sette it skip wer ôf rjochting Harns. Mar út de beskutting fan it eilân rekke it jacht op drift. Ien fan de opfarrenden sloech dêrby oerboard. Rêdingsboaten fan Flylân en Skylge waarden ynset en koene de man al gau wer út it wetter helje. It skip is nei Skylge sleept.