Dieven stelle sechstich autobannen út garaazje Frjentsjer

12 jan 2018 - 10:36

By autobedriuw Deinum yn Frjentsjer binne yn de nacht fan tiisdei op woansdei sechstich autobannen stellen út in container. De garaazje rûst de skea op sa'n 4.000 euro. De container stiet bûten en waard iepenbrutsen, wêrnei't de dieven de bannen yn in buske laden en útnaaiden. De plysje is dwaande mei ûndersyk.

(advertinsje)
(advertinsje)