Vegan Streaker rekket ferwûne by fersteuring bollefjochterij

12 jan 2018 - 09:20

Biste-aktivist Peter Janssen fan Stiens, better bekend as de Vegan Streaker, is ferwûne rekke by in bollefjochtwedstriid yn Kolombia. Hy hat in brutsen hân en in ferwûning oan syn holle en is oerbrocht nei in sikehûs. Janssen kaam yllegaal de arena yn om de bollefjochterij te fersteuren. Neffens de Vegan Strike Group, de stichting fan Janssen, wol hy mei dizze aksje opnij de oandacht fêstigje op it leed dat de bollen yn de arena oandien wurdt. 

Sûnt 1 septimber 2013 hat Janssen al 32 kear in bollefjochtwedstriid fersteurd yn lannen as Spanje, Portugal, Frankryk en Meksiko.

(advertinsje)
(advertinsje)