Hoe wurdt it Westerseedykgebiet yn Harns wer oantreklik?

12 jan 2018 - 08:57

Hoe meitsje je it Westerseedykgebiet yn Harns oantreklik foar bewenners, ûndernimmers en toeristen? Dat wol de gemeente Harns graach witte en ropt dêrom de help yn fan har ynwenners. 23 jannewaris wurdt in saneamde meitinkjûn organisearre. Op dy jûn kinne Harnzers meiprate en ideeën oandrage.

It Westerseedykgebiet leit besuden Harns, rjochting Kimswert en Surch. "Het is nu een onsamenhangend gebied. We willen daar wat aan doen, zodat we er beter van kunnen genieten en om meer toeristen te trekken naar de stad", seit wethâlder Maria le Roy fan Harns.

Trefwurden: 
Harns Westerseedyk
(advertinsje)