Kollum: "Emoasjes"

"Emoasjes... we hawwe der allegear lêst fan, posityf of negatyf. It wurdt in probleem as se net in wei fine kinne om field of utere te wurden. Dan bliuwe se slommerjen en stekke se regelmjittich de kop wer op. In soad minsken mei ûnferwurke emoasjes komme úteinlik by in terapeut telâne, mar it kin ek oars.
De Perzyske dichter Rumi skreau yn 'e 13e iuw dat it minsk-wêzen in soarte fan herberch is mei alle dagen wer nije besite. Freugde, depresje of in flits fan ynsicht komme as ûnferwachte gasten en dy moatte je gastfrij ûntfange. Sels as der in kloft fertriet komt dat mei geweld dyn hiele húsried oan grom slacht. Behannelje dy ek mei earbied want miskien komt er wol om de boel op te romjen en plak te meitsjen foar ekstaze.
Myn emoasjes binne de iene kear positiver as de oare kear. Dat hinget bygelyks fan it waar en de horrormoanen ôf. Ik kin ek bêst wol in binnenfetter wêze ek al lykje ik yn lykwicht. Nei it lêzen fan Rumi syn gedicht, krige ik it idee om myn herberch ek mar ris iepen te goaien om te sjen wa't der allegear komme soene.
As earste stoarme de ergernis deryn. Dy joech ik in glês kâld wetter om ôf te kuoljen. 'Wat skeelt deroan?' frege ik. De ergernis plofte op 'e barkruk en suchte djip. 'Ik siet wer achter sa'n slak op dy rotdyk by Techum dêr't je offisjeel mar 50 ride meie. Ik soe immen ynhelje, mar der pripte krekt in oar foar my en dy bleau ek 50 riden, neist dy oare! Ik fyn soks net normaal, lit sokken thús bliuwe. Mislike sneinsriders!'
Wylst de ergernis it wetter opdronk, huppele de blidens deryn. Se joech de ergernis spontaan in tút op it wang wylst dy gau de holle fuortdraaide. 'It is dochs sok hearlik waar! Einlings is it drûch en koe ik de ruten wer himmelje. Dan fiel ik my sa lokkich en no ha 'k wol nocht oan in bakje tee.' Se gong neist de ergernis sitten dy't wer djip suchte. 'Fine jo it dan gjin moai waar?' frege de blidens. 'Foar salang't it duorret wol mar dat is hjir meastal net sa lang,'prottele de ergernis. 'Je moatte de moaie mominten omearmje, en net sa seure. Skande fan sa'n prachtige dei. Proast!'
Doe't se proasten en de ergernis alwer in lyts glimke om 'e mûle krige troch it oansteklike entûsjasme fan de blidens, kaam de noed der skruten by. Ik frege hoe't it gong. 'Min, want myn hynder is kreupel. Neffens de bistedokter is it in peesblessuere en moat er fjouwer wiken rêst ha, mar ik meitsje my wol soargen. Aanst giet it net mear oer, ik wit ek net hoe't it kommen is en it skynt dat Fryske hynders net sokke sterke pezen ha en aanst hat it myn skuld west, kin ik noait mear ride en ....'
'HO!' rôp de ergernis. 'Hjir kin ik dus net oer, hin! Dat geseur oer dingen dy't wol of net barre kinne wylst je dat hielendal noch net witte. Miskien giet it dan yndied wol better en sa'n bist kin him dochs in kear ferstappe? Do hast dyn ankel dochs ek wolris ferstûke? Soks giet ek mei rêst oer. Dat sil foar sa'n hynder ek wol sa wêze.' 'Dat sei de bistedokter ek al,' sei de noed. 'Miskien hast yndied wol gelyk. Fijn dat we it der efkes oer ha kinne.'
Ik ha de noed waarme poeiermolke jûn en op in bepaald momint wiene se ynienen allegear ferdwûn. Doe ha 'k de boel mar opromme en koe 'k moai myn eigen gong wer gean."