Brede skoalle miljoen djoerder
De kosten fan de bou fan de brede skoalle op De Jouwer falle 1 miljoen heger út. De bou wie begrutte op 8 miljoen euro mar om't der gjin rekken hâlden is mei priisstigings is der no in tekoart.
De gemeente stelt no foar om de bou mei in heal miljoen te fersoberjen. De oare fiif ton moat de gemeente sels bylizze.