Jesse en Lieke populêrste bernenammen yn Fryslân

Jesse en Lieke binne yn Fryslân de populêrste bernenammen. Dat docht bliken út de jierlikse nammelist fan de SVB, de Sociale Verzekeringsbank. De top fiif by de jonges bestiet fierder út Jurre, Hidde, Sven en Thijs. By de famkes binne dat Femke, Fenna, Tess en Anna.
Regionaal sjoen binne der grutte ferskillen. Sa dogge Jan en Johanna it goed yn Seelân en Levi en Tess binne yn Gelderlân it meast keazen. Opfallend is dat der yn de lanlike list ek in soad Bibelske nammen stean, lykas Noah en Sara. Yn it folsleine oersjoch stean allinnich nammen dy't op syn minst 25 kear foarkomme. Dat docht de SVB út privacy-oerwagings.