Auto ramt túnstek en mist op hier nei wenning yn Ljouwert

11 jan 2018 - 22:23
Foto: Kappers Media

In auto hat tongersdeitejûn op in hier nei in wenning mist op de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert. De bestjoerder rekke troch noch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt, ried troch it túnstek hinne en kaam ta stilstân tsjin de auto dy't op de oprit fan de wenning stie. It skeelde net folle oft de auto hie de gevel fan it hûs rekke. De bestjoerder fan de auto is ferwûne rekke en nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ûngelok Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)