Soad protest tsjin nije intercityferbining Ljouwert-Zwolle

11 jan 2018 - 22:12

Mear as 3500 treinreizgers ha yntusken de petysje ûndertekene foar it werombringen fan de intercityferbining Grou-Jirnsum, Akkrum en Wolvegea. Dat seit de fraksje fan GrienLinks yn Weststellingwerf. De petysje is in inisjatyf fan GrienLinks fan de gemeenten Hearrenfean en Weststellingwerf, PAL/GrienLinks Ljouwert en de steatefraksje fan de partij yn Fryslân. Neffens de partijen is de reistiid fan Ljouwert nei Zwolle troch de nije tsjinstregeling fan de NS mei tsien minuten tanaam. Dit komt omdat de intercity net mear stilhâldt op de stasjons Grou-Jirnsum, Akkrum en Wolvegea. De reistiid nei stêden nei Zwolle is mei 19 minuten tanaam.

"We krijgen regelmatig reacties van scholieren, studenten en oudere reizigers, die de nadelen van de nieuwe dienstregeling voor Wolvega aan den lijve ondervinden. Het zou heel spijtig zijn als forensen die bijvoorbeeld naar de Randstad reizen daardoor vaker de auto gaan nemen in plaats van de trein. Dit draagt niet bij aan een beter milieu- en leefklimaat", sa seit riedslid Gertrud van Leeuwen fan GrienLinks Weststellingwerf. 

De petysje kin noch oant 24 jannewaris ûndertekene wurde. Dêrnei wurde de hantekeningen oanbean oan de NS.

(advertinsje)
(advertinsje)