Hovercraft mei gat yn boech nei skipswerf yn Lauwerseach

11 jan 2018 - 21:49

In bysûndere klus foar skipswerf NG Shipyards yn Lauwerseach. Dêr is dizze wike in hovercraft binnen kaam, dy't in flinke hap mist. It skip, dat personiel nei boareilannen ferfiert, mist in grut stik oan de stjoerboardkant. Neffens Albert Keizer fan de skipswerf liket de skea mâl, mar falt dy ta. It skip is der sa op boud, dat as der wat yn it wetter leit en it fart der mei 85 kilometer yn de oere tsjinoan, de foarkant skea oprint. Dy is mei opsetsin fan pypskûm makke.

De reparaasje is lykwols net samar klear. In nij part wurdt yn Noarwegen makke en dêr moat op wachte wurden. "Wy genietsje fan soksoarte klussen", seit Keizer yn it radioprogramma Weistra op wei. "Der moat yn ien kear even in protte gebeure. Je wurde jûns belle om healwei seizen en de oare moarns moat it spul derút takele wêze. En dan moat alles even yn rep en roer. Foar ús it it wol bysûnder". It is net foar it earst dat it skip by de werf komt, seit Keizer.

Ek oare skippen rinne faak skea op boppe de wynmûneparken by Borkum. Wat dêr de oarsaak fan is, wit Keizer net.

(Advertinsje)
(Advertinsje)