Skieppehoeder easket dúdlikheid oer behear Griene Stjer

11 jan 2018 - 20:47

Skieppehoeder Sam Westra fan Ljouwert wol graach noch foar de maaitiid wite, hoe't er it Griene Stjergebiet by Ljouwert krekt beheare moat mei syn 180 skiep. Meie syn skiep ek de beskerme blommen en planten opite of moat er dy ôfskermje mei gaas? Neffens Westra stelt it natuerbelied fan de provinsje skerpere easken oan it natuerbehear, as syn opdrachtjouwer, de gemeente Ljouwert. Fan de gemeente hat Westra dêr lykwols gjin ynformaasje oer krigen.

Beswierproseduere

Omdat de hoeder gau witte wol wêr't er oan ta is, easke hy tongersdei yn in beswierproseduere by de provinsje Fryslân dat de provinsje gau alle relevante stikken iepenbier makket. Fan Westra sels mei it behear wol wat ekologysker.

Wat binne de regels?

Westra krige earder bekendheid troch syn striid tsjin de gemeente Ljouwert, doe't er de oanbesteging fan it skieppehoederswurk ferlear. Westra docht sûnt dy tiid itselde wurk as ûnderoannimmer. Hy kaam der yn de maaitiid fan ferline jier achter dat der no oare regels jilde foar it behear fan de Griene Stjer. Sûnt dy tiid besiket hy derachter te kommen wat dy nije regels krekt binne. Ljouwert beskriuwt it gebiet hiel oars as de provinsje. Neffens de gemeente wurket Westra yn in gebiet mei 'voedselrijke vegetatie', mar de provinsje omskriuwt itselde lân as 'floara- en faunaryk gerslân'.

Dúdlikheid

Westra freget him no ôf, hoe't er it gebiet beheare moat. Hy hat hjir tegearre mei syn juridysk adviseur geregeld kontakt oer hân mei de provinsje Fryslân. Omdat dat noch net de winske dúdlikheid oplevere, easke de skieppehoeder tongersdei op in iepenbiere harksitting dat de provinsje alle stikken dy't fan belang binne gau iepenbier makket. Westra frege fierder ek om in bydrage yn de kosten fan de juridyske bystân.

(advertinsje)
(advertinsje)