Kijlstra Ambulancegroep lilk om frijspraak bloedsmiter

11 jan 2018 - 20:32

Kijlstra Ambulancegroep fynt it ûnbegryplik dat in 51-jierrige Dokkumer begjin dizze wike frijsprutsen is troch de rjochter. De man hie ferline jier mei bloed smiten nei ambulânsepersoniel. Hy hie 112 belle fanwegen in bloednoas, mar doe't de meiwurkers by syn hûs oankamen woe er net holpen wurde. Hy smiet dêrop bloed fan himsels nei it ambulânsepersoniel.

De rjochter koe juridysk sjoen net ta in feroardieling komme en spruts him frij. Neffens Kijlstra is geweld tsjin helpferlieners ûnakseptabel. Yntusken hat de offisier fan justysje oanjûn tsjin de útspraak yn berop te gean. Kijlstra Ambulancegroep hat de ôfrûne wike in soad stipe krigen fan minsken, dy't it ek net iens binne mei de útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)