Sike hynstehâlder Tjibbe Bosma wol en sil nei hynstekeuring

11 jan 2018 - 19:47

Alle hynstehâlders en trainingsstâlen steane op skerp, want de hynstekeuring yn Ljouwert komt deroan. Ek stâl Bosma fan Kollumersweach is der klear foar. Heit Tjibbe en soan Gaatze wurkje mei harren Fryske hynders hjir it hiele jier nei ta. Want hjir moatte de hynders prestearje en sjen litte wat se wurdich binne.

In maklik jier wie it net foar de Bosma's. Nei de Hynstekeuring fan ferline jier waard Tjibbe Bosma slim siik. Hy moast yn karantêne en mocht hûndert dagen net by syn hynders yn 'e stâl. En dat wylst it smoardrok wie by stâl Bosma. Tjibbe hat yn al dy jierren noch nea in keuring mist. En hy set alles op alles om ek dit jier wer yn Ljouwert oanwêzich te wêzen.

(advertinsje)
(advertinsje)