Wurkstraf easke tsjin Drachtster foar betaasting buorjonkjes

11 jan 2018 - 18:31

Tsjin in man út Drachten is 240 oeren wurkstraf easke, omdat er twa buorjonges betaast ha soe. De saak kaam oan it rôljen, doe't de tsienjierrige buorjonge fan de fertochte syn mem fertelde dat de man oan him sitten hie. It jonkje kaam geregeld by de buorman thús. Dêrnei fertelde syn âldere broer dat de buorman ek oan him sitten hie, mar dat soe jierren earder west ha en faker bard wêze. De fertochte ûntkent.

Njonken de wurkstraf waard ek in selstraf fan in heal jier ûnder betingst easke.

Trefwurden: 
betaasting wurkstraf Drachten
(advertinsje)
(advertinsje)