Europaplein Ljouwert feiliger makke mei betonnen muorkes

11 jan 2018 - 18:20

Fjouwer lange muorkes mei betonnen sokkels moatte foarearst de ferkearsfeilichheid garandearje op it Europaplein. De gemeente Ljouwert hat de fjouwer betonrigen tongersdeitemiddei pleatst by de turborotonde. Der ha twa ûngelokken west de ôfrûne tiid, wêrby't in auto fan de dyk rekke en op it fytspaad bedarre. De betonnen sokkels tsjinje as needmaatregel. De gemeente Ljouwert wol ta op in definitive fangrail, dy't der kreazer útsjocht.

It Europaplein waard yn oktober iepene nei moannenlange wurksumheden. It plein foldocht neffens de gemeente oan alle regels, dy't der foar jilde.

(advertinsje)
(advertinsje)