LIVE: de jierlikse hynstekeuring

It swarte goud fan Fryslân falt hast net te missen dizze dagen. Op it jierlikse evenemint Faderpaard fynt hjoed, sneon 13 jannewaris, de hynstekeuring plak. Minsken komme fan oer de hiele wrâld om de Fryske hynders te bewûnderjen. Omrop Fryslân is dêrby en stjoert alles út. Fan 8.30 oere ôf is de keuring op telefyzje of hjirboppe te folgjen.

Tradysjegetrou is Omrop Fryslân live by de hynstekeuring op sneon en stjoert alles út op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. It kommentaar wurdt jûn troch presintator Gerrit de Boer fan Omrop Fryslân en saakkundige Henk Dijkstra. Oan de ein fan de middei wurdt bekend wa't de kampioen fan 2018 is. Foar bûtenlânske sjoggers is de útstjoering op ynternet te folgjen mei Ingelsk of Dútsk kommentaar. Boppedat is der dit jier foar it earst in Nederlânske stream beskikber.
Sneon 13 jannewaris fan 8.30 oere ôf de hynstekeuring op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. De finale fan de hynstekeuring wurdt op snein 14 jannewaris om 12.00 oere werhelle op telefyzje. Sjoch foar mear ynformaasje en alles oer it Frysk hynder op: Omropfryslan.nl/faderpaard.