Optimisme oer delgong falliseminten

11 jan 2018 - 18:00

De Keamer fan Keaphannel is bliid mei de sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek oer de falliseminten. Ut dy sifers docht bliken dat de delgong yn Fryslân relatyf de grutste is fan Nederlân mei 63 persint. 'Die trend is in 2016 al ingezet en vorig jaar zagen we het ook weer', sa seit Werner Käller, adviseur fan de KvK-Noord-Nederlân. In dúdlike ferklearring hat er der noch net foar. Wol hat it te krijen mei de groei fan de ekonomy. En om't de falliseminten en dus ek de delgong it grutst is yn de sektoaren hannel en finansjele tsjinstferliening, sjoch je dat yn Fryslân werom. Want dêr binne dy sektoaren goed fertsjintwurdige, neffens Käller.

De Friese Zaak

Fierder kin it sa wêze dat de ynspanningen om falliseminten by ûndernimmers foar te kommen súkses hawwe. Lanlik is yn novimber de Comeback-lijn yntrodusearre. Op dat telefoannûmer kinne ûndernimmers fragen kwyt en help krije as se it dreech hawwe mei de bedriuwsfiering. De telefoan waard fuort nei de iepening derfan al reedlik plat belle. Dat binnen neffens Käller somtiden emosjonele petearen.

Dêrneist bestiet yn Fryslân sûnt oardel jier de organisaasje De Friese Zaak, op inisjatyf fan it Ondernemersklankbord. Adviseurs en studinten fan de NHL begeliede ûndernimmers om bygelyks de administraasje op oarder te krijen. 'Als ze de administratie niet op orde hebben, hebben ze geen zicht op hun financiën, waardoor uitendelijk problemen ontstaan', seit Käller. De Friese Zaak helpt dêrby eventueel mei in boekhâlder en mei studinten of se krije begelieding fan adviseurs fan it Ondernemersklankbord Friesland.

Hiel wat ûndernimmers yn swier waar hawwe de gong nei it kantoar fan De Friese Zaak makke. It sit yn it gebou fan de Keamer fan Keaphannel yn Ljouwert. Sa hat thúswurkjend krachtcoach Heidi Douma foarkommen dat se yn de bystân kaam mei help fan De Friese Zaak. En ek webwinkelbouwer Douwe van der Baan koe der terjochte doe't it dreech gie mei him en syn bedriuw Ceezoo.

(advertinsje)
(advertinsje)