Twa lokale partijen Dantumadiel tegearre fierder

It gemeentehûs fan de gemeente Dantumadiel © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De twa lokale politike partijen fan Dantumadiel sille tegearre fierder. Dantumadeel '82 en Lagere Lasten Dantumadiel dogge ûnder de namme Gemeentebelangen Dantumadiel mei oan de riedsferkiezingen yn maart. Beide partijen sizze dat se ynhâldlik net bot fan inoar ferskille en dat se dêrom fusearje.
De nije partij rjochtet him de kommende jierren op it ferbetterjen fan de tsjinstferliening troch de gemeente oan de ynwenners en op bygelyks it ôfskaffen fan ûnnedige regeljouwing.