LIVE: de Friesian Proms

12 jan 2018 - 19:47

It Frysk hynder stiet wer sintraal by it jierlikse evenemint Faderpaard en Omrop Fryslân. Hjoed, freed 12 jannewaris, is it de hynsteshow Friesian Proms fan 20.30 oere ôf live te sjen fia telefyzje of hjirboppe. Moarn, sneon 13 jannewaris, stjoert Omrop Fryslân tradysjegetrou de hynstekeuring fan 8.30 oere ôf út op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

By it spektakel de Friesian Proms wurde de hynders beselskippe troch sjonger Douwe Bob, de ferneamde Italiaanske tenoar Alessandro Safina, Elske DeWall, sopraan Belinda Vermeer en oaren. Alle artysten wurde begelaat troch it troch Theo Brouwer dirigearre 'The Symphonic Music Connection'. Fansels trede in soad Fryske hynsten en harren beriders en menners op ûnder de Friesian Proms.

Freed 12 jannewaris fan 20.30 oere ôf de Friesian Proms en sneon 13 jannewaris fan 8.30 oere ôf de hynstekeuring op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. De finale fan de hynstekeuring wurdt op snein 14 jannewaris om 12.00 oere werhelle op telefyzje. Sjoch foar mear ynformaasje en alles oer it Frysk hynder op: Omropfryslan.nl/faderpaard.

(advertinsje)
(advertinsje)