Ald-steatelid Buisman yn berop tsjin werombeteljen

It gebou fan 'e Ried fan Steat yn Den Haag © ANP
Steatelid Pieter Buisman gie tongersdei by de Ried fan Steat yn berop tsjin it werombeteljen fan provinsjaal jild. Provinsjale Steaten easkje hast 18.000 euro werom fan syn Stichting Ondersteuning Statenfractie Buisman.
Hy krige dat jild neidat er hast fjouwer jier lyn út de PVV-fraksje stapte en selsstannich fierder gie yn de steaten. Omdat er syn eigen fraksjemeiwurker wie, boekte Buisman it hiele bedrach oer nei syn eigen rekken. Dy konstruksje is net tastien. Neffens it provinsjebestjoer hie Buisman in aparte meiwurker oanlûke moatten foar dat jild.
De Ried fan Steat docht oer in wike as seis útspraak.