Kontribúsjes Fryske sportferieningen ûnder lanlik gemiddelde

11 jan 2018 - 17:28

Sporters yn Fryslân binne minder sinten kwyt oan kontribúsje as yn in grut part yn de rêst fan Nederlân. Dat stiet yn de Contributiemonitor fan it Mulier Instituut en de Hegeskoalle fan Arnhem en Nijmegen. Sy ûndersochten en analysearren hoefolle it lidmaatskip kostet by ferieningen fan atletyk, hockey, tennis, fuotbal, follybal en hânbal.

Yn de earste fiif fan dy seis sporten lizze kontribúsjes by Fryske ferieningen leger as it lanlik gemiddelde. Dat leit neffens Arjen Davids fan it Mulier Instituut oan de hegere grûnpriis yn stedske gebieten: "Dat wordt doorberekend in de huur die verenigingen betalen. Zij vertalen deze hogere huur in een hogere contributie." Boppedat lizze yn Fryslân minder keunstgersfjilden (spesifyk foar fuotbal) as yn provinsjes mei mear stedske gebieten.

De kontribúsje by de Fryske hânbalferieningen is yn de Contributiemonitor bûten beskôging litten, om't der dêrfan mar twa yn de stekproef fan de ûndersikers sieten. "De steekproef voor handbal is te klein om daar een uitspraak over te doen", seit Davids.

(advertinsje)
(advertinsje)