Wout Zijlstra baalt fan ferdwinen telefoanboek

Der komt gjin telefoangids op papier mear. Neffens útjouwer DTG is de papieren telefoangids net mear nedich, om't hast eltsenien adressen en telefoannûmers online opsiket. Hast eltsenien, want de âlderein bûten de Rânestêd brûkt it boekwurk noch wol.
Mar yn it âldereintehûs Leppehiem yn Akkrum makket it se net sa folle út. "Ik brûk it eins noait. Ik ha myn eigen boekje, dêr stiet alles fan famylje en kennissen. En ik kin it hast net mear lêze, want it binne hiel lytse letters", seit Hiltsje Bakker.
Sterke man Wout Zijlstra fan Folsgeare baalt der wol fan. "It is in ramp foar my." Hy skuort by syn demonstraasjes noch wykliks telefoanboeken trochmidden. "Ik bin net oars wend as dat ik telefoanboeken ha om troch te skuorren." As dy boeken net mear makke wurde, hat er aanst te min. Gelokkich kin er fan de froulju yn Akkrum noch wol in pear krije.