Omrop Fryslân ûntfangt Europeeske omroppen yn maaie

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân is dit jier gasthear fan de 36ste konferinsje fan de feriening fan Europeeske publike regionale omroppen, de Circom. De jierlikse konferinsje wurdt op 24 en 25 maaie holden yn De Harmonie yn Ljouwert. It tema fan de konferinsje is 'Are we connected?'. Fanwegen Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 sil der ek rom omtinken wêze foar kultuer en taal.
Circom hat leden út 33 Europeeske lannen. De dielnimmende omroppen fariearje fan de BBC en France Televisions oant it Albaneeske RTSH en Omrop Fryslân. Op de konferinsje sille ferneamde persoanen út de ynternasjonale mediawrâld sprekke en litte tal fan omroppen harren bêste wurk sjen. De dagen foar de konferinsje binne der workshops foar Europeeske sjoernalisten by Omrop Fryslân. It folsleine programma wurdt yn maart bekend.
Ynspirearjend
Haadredakteur Klaas Geert Bakker fan Omrop Fryslân en vice-presidint fan Circom is bliid dat Omrop Fryslân de konferinsje organisearje mei: "De Circom-konferinsjes binne altyd tige ynspirearjend foar sjoernalisten, benammen om'tst der sjochst hoe't der yn oare lannen wurke wurdt en omgien wurdt mei tema's dy't hjir ek spylje. Dêrnjonken falt de konferinsje gear mei LF2018 en dat betsjut dat wy Ljouwert, Fryslân en Omrop Fryslân op harren bêst sjen litte kinne oan sjoernalisten út hiel Europa.''