Gjin goals by oefenwedstriid Hearrenfean yn Spanje

11 jan 2018 - 16:29

Sportklup Hearrenfean hat tongersdeitemiddei gelykspile yn in oefenwedstriid tsjin Anderlecht. Yn it Spaanske La Manga, dêr't Hearrenfean op trainingskamp is, bleau it 0-0.

De Belgyske nûmer 3 wie oan it begjin fan de wedstriid better, mar Hearrenfean krige wol kânskes fia Michel Vlap en Henk Veerman. Nei it skoft hienen de ploegen net folle kânsen en de kânsen dy't der wienen, leveren ek gjin goals op. By Hearrenfean makke ferdigener Dave Bulthuis syn offisjeuze debút.

It trainingskamp fan Hearrenfean duorret noch oant en mei takom sneon.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)