Dochs wer beurzen yn Súdlaren

08 jun 2012 - 17:19

WTC-Expo stiet ta dat der wer beurzen organisearre wurde yn de Prins Bernardhoeve yn Súdlaren. It kompleks wie fan deselde eigener as WTC Expo, mar waard ferkocht op betingst dat der gjin beurzen mear hâlden wurde soene.

De hjoeddeistige hierder hat besocht dat beding derôf te krijen, mar dat is noait slagge. No ha de partijen ôfpraat dat yn Súdlaren de Horekavakbeurs en de Bouwvakbeurs hâlden wurde meie. Dy beurzen binne nei de ferkeap nei Ljouwert helle, mar waarden net in sukses. De Prins Bernardhoeve wol de beurzen graach wer hâlde.

(advertinsje)
(advertinsje)