Friezen dichtsje foar Nasjonale Betinking fan 4 maaie

11 jan 2018 - 14:58

De provinsje ropt Friezen tusken de 14 en de 19 jier op om mei te dwaan oan de poëzywedstriid foar de Nasjonale Betinking fan de Twadde Wrâldoarloch, op 4 maaie.

Alle jierren mei in jong persoan by de betinking op de Dam yn Amsterdam in gedicht foarlêze dat oer oarloch en betinken giet. Dy dichtwedstriid is hieltyd yn in oare provinsje en dit jier is Fryslân oan bar. It tema is dit jier 'ferset'.

De winner mei it gedicht dus foarlêze op de Dam. Trije oare finalisten dogge dat by betinkingen yn de eardere kampen Westerbork, Vught en Amersfoort.

Dielnimmers kinne harren gedichten foar 5 febrewaris opstjoere nei it komité 4 en 5 mei.

(advertinsje)
(advertinsje)