Miste filmsêne Stan Laurel yn Ljouwert

Yn it Fries Film Archief yn Ljouwert binne filmfragminten fan de Ingelske komyk Stan Laurel opdûkt, dy't nergens oars op de wrâld mear te finen binne. It binne bylden út de stille film "Detained" (1924), dy't yn oare kopyen fan de film ûntbrekke. De film "Detained" wurdt takom sneon en snein fertoand yn Filmhûs Slieker.
De filmkopy siet tusken in partij âlde nitraatfilms, dy't jierrenlang by de Ljouwerter fotograaf Hendrik van Kampen yn de kelder leinen. Sûnt 2007 binne se yn besit fan it Fries Film Archief. Wylst er dwaande wie mei de ynventarisaasje fan de films om se te digitalisearjen, die argyfmeiwurker Jurjen Enzing de opmerklike ûntdekking.
Laurel oan de galge
Jurjen Enzing werkende yn de film de akteur Stan Laurel, dy't letter bekend waard mei Oliver Hardy as komysk filmduo. Yn Nederlân wienen Laurel & Hardy tige populêr as "De Dikke en de Dunne". Tegearre makken se tusken 1927 en 1951 mear as hûndert films. Foar dy tiid makke Laurel solofilms.
Doe't Jurjen Enzing de film foar it earst op syn 35-milimetertafel beseach, wist er net om hokker film it gie, want de titel ûntbruts. Nei efkes googeljen kaam Enzing derachter dat it om de film "Detained" (Finzen) gean moast, in solofilm fan Laurel út 1924. Yn in boek fan de twa Laurel & Hardy-eksperts Ted Okuda en James L. Neibaur stiet dat der yn de oarspronklike ferzje fan "Detained" in ikoanyske sêne mei in galge sitte moast, dy't letter spitigernôch út de film knipt wie. Mar Enzing hie sjoen dat dizze sêne wól yn de kopy fan it Fries Film Archief siet. Hy begriep doe dat er wat bysûnders yn hannen hie.
Detained
Yn "Detained" bedarret Laurel yn de finzenis, mar hy wit te ûntsnappen nei in oantal mirakuleuze aventoeren. Hy komt yn de strop fan in galge telâne en hinget himsels op. Syn nekke wurdt dêrby in pear meter útrekt, in tige 'special effect' yn dy tiid. Dit is de sêne dy't ferlern gien wie, mar dy't wol yn de filmkopy yn it Fries Film Archief te sjen is. Njonken de sêne mei de galge binne der mear stikjes úthelle. Yn de jierren 30 waarden bioskoopfilms faak ynkoarte om se te ferkeapjen foar thúsgebrûk. Oars pasten se net op de lytse filmprojektors. Alle "oerstallige" bylden waarden der útknipt. De kopy fan "Detained" fan it Fries Film Archief wie spesjaal bedoeld foar de Nederlânske merk, want hy hat Nederlânsktalige tuskentitels.
Ynternasjonale befêstiging
Nei syn ûntdekking kaam Jurjen Enzing fia it Eye Filmmuseum yn kontakt mei Lobster Film yn Parys. Lobster is in kommersjeel filmargyf, spesjalisearre yn restauraasje en digitalisearring en ferneamd om syn kolleksje Laurel & Hardy-films. Ek "Detained" sit yn dy kolleksje, mar sûnder de neamde sêne mei de galge. Lobster Film wie tige entûsjast oer de fynst en hat by filmlaboratoarium Haghe Film yn Amsterdam in negatyf fan de film meitsje litten. Yntusken hat it Fries Film Archief in digitale kopy krigen fan de hiele film, ynklusyf de missende bylden.
Ek de eksperts Okuda en Neibaur, skriuwers fan "Stan Without Ollie: The Stan Laurel Solo Films, 1917-1927", binne bliid mei de fynst. Neibaur: "I think it is very important news for comedy film history. I do believe you have the only footage containing the scenes that we indicated were lost in our book. Yes, this very exciting news."
Foto Vaka
De kopy fan de film stiet op in 35-milimeter nitraatfilm, materiaal dat yn de jierren 20 en 30 fan de foarige iuw brûkt waard om films op te nimmen. It is tige kwetsber, it brekt of ferbrânt samar.
De film is yn 2007 mei in grutte partij oare nitraatfilms by it Fries Film Archief brocht troch amateurhistoarikus Dirk Swierstra. De films kamen út de kelder fan de eardere fotograaf Hendrik van Kampen fan Foto Vaka yn de Sint Jacobsstrjitte. Neffens de famylje Van Kampen hat Hendrik van Kampen koart nei de oarloch de partij films opkocht om te fertoanen. Mar omdat hy net de geskikte apparatuer hie om de films op te draaien, bedarren de filmblikken yn de kelder. De films binne noait besjoen. Wat der op stiet, is net bekend. Dat nijs bewarret it Fries Film Archief foar in oare kear.
En fia dizze link fan it Fries Film Archief is de komplete film "Detained" fan Stan Laurel te sjen, ynklusyf de bewuste sêne mei de galge.
De film wurdt ek fertoand yn Filmhûs Slieker op sneon 13 en snein 14 jannewaris.