Pjutteboartersplakken yn Smellingerlân sette yn op foarlêzen

11 jan 2018 - 13:51

Yn Smellingerlân moatte alle bern wer wille yn lêzen krije. It projekt 'Boekstart' moat dêrby helpe. Alle berne-opfanglokaasjes en pjutteboartersplakken krije in set boeken en rjochtsje in spesjaal lêshoekje yn. Ien fan de efterlizzende gedachten is dat bern fan it foarlêzen in gruttere wurdskat krije.

100 meiwurkers fan de opfanglokaasjes ha de ôfrûne tiid leard hoe't se goed ynteraktyf foarlêze kinne. Fan de gemeente krije alle lokaasjes no in set boeken. Ek wurde oeral smûke foarlêsplakjes ynrjochte.

Trefwurden: 
bern Smellingerlân
(advertinsje)
(advertinsje)