Daan Breeuwsma ek yndividueel yn aksje op Spelen

11 jan 2018 - 13:44

Shorttracker Daan Breeuwsma fan Akkrum komt oare moanne op de Olympyske Spelen op trije ûnderdielen yn aksje. Hy krige tongersdei fan it reedrydbûn te hearren dat er meidwaan mei oan de 500 en de 1.000 meter. Breeuwsma makke al diel út fan de ôflossingsploech.

Breeuwsma waard ôfrûne wykein Nederlânsk kampioen shorttrack yn Thialf. Hy wûn snein de 1.000 meter en waard twadde op de 500 meter. Op beide ôfstannen wiene noch olympyske tickets te fertsjinjen. Breeuwsma krijt op de 1.000 meter de foarkar boppe Dylan Hoogerwerf.

By de froulju wie noch ien startplak te ferjaan, op de 1.000 meter. Dat ticket giet lykas ferwachte nei Lara van Ruijven.

(advertinsje)
(advertinsje)