Stakingen yn regioferfier útsteld

11 jan 2018 - 13:31

De stakingen yn it regioferfier dy't foar tiisdei oankundige wiene, geane earst net troch. De fakbûnen sille wer om de tafel mei de wurkjouwers om te praten oer in nije cao. En dêr ha se goeie ferwachtingen fan.

Bussjauffeurs en treinmasinisten staakten ferline wike, út protest tsjin de wurkdruk. Se wolle ek mear lean. De bûnen kundigen doe fuortendaliks al nije estafettestakingen oan, mar dy ha se no útsteld. Se geane derfan út dat de wurkjouwers "witte wat se dwaan moatte en dat se har sûne ferstân brûke sille."

Trefwurden: 
staking CAO streekferfier
(advertinsje)
(advertinsje)