Sipke Hulshoff: "Cambuur is klear foar De Graafschap"

11 jan 2018 - 13:15

"Cambuur-De Graafschap, dat is in moai affysje." Dat sei de ynterim-trainer fan Cambuur, Sipke Hulshoff, tongersdei nei de lêste training. Hulshoff hat in goed gefoel foar de wedstriid tsjin de klup fan Henk de Jong en Sandor van der Heide. "Wy hawwe in prima trainingskamp yn Spanje hân, We hawwe in protte arbeid levere. Wy binne der wol klear foar."

Opstelling

By Cambuur is Marvin Peersman skorst. Van der Laan, Mannes, Smeets (siik) en Rossi (noch hiel lang blessearre) binne net ynsetber. Hulshoff woe de opstelling fan Cambuur net bekend meitsje. "Dat is noch in ferrassing", sa sei hy. Cambuur wol yn de twadde kompetysjehelte oansluting fine by it linker rychje. "Fan moarn ôf giet it der wer om. Wy hoopje op in goeie start."

Nije trainer

Technysk manager Foeke Booy liet witte dat hy "met allerlei mensen in gesprek is", sûnder konkreet nammen te neamen. Cambuur siket noch altyd in nije trainer en der sille ek spilers by komme. Booy: "Wij nemen daar de tijd voor. Mensen die er van de buitenkant tegenaan kijken denken dat het zomaar klaar is, maar zo is het niet." As it giet om nije spilers is Booy dúdlik: "Die moeten beter zijn dan de spelers die we nu hebben. We halen geen spelers voor de breedte. Breedte hebben we genoeg." 

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)