Alwer grutte lotterijpriis yn Fryslân
Op 'e nij is in ynwenner fan Fryslân yn de prizen fallen. Yn de gemeente Kollumerlân hat in 'abonneespiler' 100.000 euro wûn by de Staatsloterij.
It is de safolste kear yn koarte tiid dat in Fries in jildpriis wint. Op nijjiersdei foel yn Eastermar de PostcodeKanjer fan 53,9 miljoen en yn De Fryske Marren wûn immen krekt nei de jierwikseling ek al in ton.