Snits hat tiisdei syn earste ferpleatsbere 'tiny house'

Yn de wyk Tinga yn Snits wurdt no tiisdei úteinset mei de bou fan tweintich ferpleatsbere wenten. De gemeente Súdwest-Fryslân en korporaasje Accolade spylje hjirmei yn op de fraach nei wenromte foar lytse húshâldens yn Snits. It idee komt fan oannimmersbedriuw Heijmans.
Tsien fan de tweintich wenningen binne foar flechtlingen mei in ferbliuwsstatus, de rest is bedoeld foar minsken dy't op syk binne nei in lytse, betelbere wente. De ferhier begjint meikoarten.
Tsien jier
De wenningen yn Tinga bliuwe tsien jier stean. Se hawwe in libbensdoer fan tritich jier. De wenten hawwe in wenoerflak fan 39 kante meter en binne ferdield oer twa wenlagen. Se hawwe ek in bûtenterras. In gasoansluting ûntbrekt. De wenningen binne kant-en-klear op it stuit dat se oankomme op it bouplak. Op lokaasje wurde de ferdjippingen dan opelkoar pleatst. Dêrnei hoege allinnich rioelearring, wetter en elektra noch oansluten te wurden. It pleatsen fan ien wenning duorret in dei.
De gemeente Súdwest-Fryslân ferwachtet dat heal febrewaris alle tweintich hûzen oplevere wurde. Accolade biedt de wenten oan op syn webside.