Peersman mei fuort by Cambuur

© www.orange-pictures.nl
Marvin Peersman mei op syk nei in nije klup. Dat hat SC Cambuur him witte litten. De linkerferdigener hat in kontrakt dat nei dit seizoen ôfrint, mar hy mei de klup yn de winterstop al ferlitte. "Als er een club voor hem komt, zullen wij meedenken", fertelt technysk manager Foeke Booy.
Peersman spilet sûnt 2015 by Cambuur. Dit seizoen stie er hast alle wedstriden yn de basis. Earder krige ek Bryan Smeets al te hearren dat hy fuort mei by de Ljouwerters. Foar him is neffens Booy noch gjin ynteresse.
De syktocht nei in nije trainer giet op de eftergrûn troch. It is allinnich wol in lêstige syktocht, sa fynt Booy. "Maar we laten ons niet opjagen. We zijn op de achtergrond aan het vissen en wachten tot er wordt gebeten." Booy giet njonken in nije trainer ek noch op syk nei in oantal fersterkingen. Cambuur siket in linkerferdigener, kreative middenfjilder en in spits.