Fryske wenningmerk krapper, prizen omheech

11 jan 2018 - 10:00

De wenningmerk wurdt hieltyd krapper. Benammen yn it goedkeapere segmint binne minder wenningen te keap. Dizze efterstân wurdt de kommende jierren net fuortwurke, stelt Albrecht Kok, foarsitter fan de NVM Fryslân.

De Fryske NVM-makelers ferkochten yn 2017 in rekôrtal huzen: hast 6.200. Yn totaal stienen yn Fryslân yn it lêste fearnsjier fan ferline jier 33 persint minder huzen te keap as in jier earder. Dat docht bliken út de lêste sifers fan makelersferiening NVM.

In gemiddelde wenning yn Fryslân kostet no goed 201.000 euro. Dat betsjut dat de prizen it ôfrûne jier mei 6,3 persint omheech gien binne. Goed 9 persint fan de huzen wurdt boppe de fraachpriis ferkocht. Wenningen steane minder lang te keap. It ôfrûne fearnsjier waard in wenning binnen 69 dagen ferkocht. Dizze faktoaren soargje derfoar dat hieltyd mear minsken teloarsteld wurde. Konsuminten hienen it lêste fearnsjier fan 2017 gemiddeld noch mar te kiezen út seis wenningen.

"Betelbere huzen bybouwe"

Neffens Albrecht Kok, foarsitter NVM Fryslân, soene der sa gau mooglik betelbere huzen byboud wurde moatte: "As der byboud wurdt, kin der in trochstream plakfine. En dat is hurd nedich." Dochs tinkt Kok dat de krapte de kommende jierren foarearst noch trochsette sil.

Trefwurden: 
wenningmerk NVM Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)